rûzjen yn'e wyn (blowin in the wind) Hoefier moat immen dochs reizge ha, foardat er in mins hite mei? Ja hoe lang moat in do oer de see'n flein ha, ear't er sliepe kin njonken de wei? Hoelang fine kûgels noch paad yn 'e de loft om te deadzjen by nacht en by dei? It antwurd, myn freon, dat rûzet yn de wyn, it antwurd bliuwt rûzjen yn 'e wyn. Hoe faak stoarret immen omheech yn 'e loft foardat er it himelljocht sjocht? Ja en hoefolle earen moat ien minske ha ear't er heart wa 't der roppet om rjocht? en hoefolle deaden kostet it noch ear 't er wit wa 't der stjert om 'e nocht? It antwurd, myn freon, dat rûzet yn de wyn, it antwurd bliuwt rûzjen yn 'e wyn. Hoefolle jier kin in berch bestean, foardat er ferkrûmelt ta sân? Ja en hoefolle jier kinne minsken bestean as finzenen, wa brekt har bân? Hoe kin ien de rook fan in roas ûndergean en net rûke de lucht fan de brân? It antwurd, myn freon, dat rûzet yn de wyn, it antwurd bliuwt rûzjen yn 'e wyn.